Tsjûge helpt plysje by stellen sylboat

14 sep 2016 - 12:00

De plysje hat tiisdeitejûn in 29-jierrige Drachtster oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it stellen fan in sylboat, earder op 'e jûn yn Jirnsum. In tsjûge seach de stellerij, warskôge de plysje en gie mei syn boat achter de dief oan. Mei help fan de tsjûge fûn de plysje de stellen sylboat leech oan de Loswal yn Drachten.

Ut ûndersyk kaam de Drachtster as fertochte nei foaren. De man sit fêst foar fierder ûndersyk. De 66-jierrige eigener út Veendam hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)