Ljouwerter pear moat 15 miljoen euro werombetelje oan steat

14 sep 2016 - 11:21
  • Justysje

In 50-jierrige Ljouwerter en syn 53-jierrige frou moatte 15 miljoen euro werombetelje oan de steat. Dat easket it Iepenbier Ministearje woansdei yn in rjochtsaak. It pear soe it jild mei wytwaskpraktiken krigen ha.

De fertochten fêstigen de oandacht op har om't se yn in grut, lúks hûs wennen yn Camminghaburen en altyd in soad jild by har hiene. Der is ûnder it ûndersyk nei it stel al foar 3 miljoen euro oan jild, auto's en oare besittingen yn beslach naam. De fertochten hienen yn spesjaal oanleine kluzen 17 goudstêven ferstoppe.

De plysje fûn ek meardere fjoerwapens. Yn totaal binne 18 fertochten oanhâlden. De beide Ljouwerters dy't foarkomme moatte, hearre by de fjouwer haadfertochten.

Der is trije jier ûndersyk dien nei de saak. It giet om organisearre misdied mei drugshannel. De man hat 1000 kilo kokaïne finansierd om nei Nederlân te heljen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)