Is juf Annie de leafste juf fan Nederlân?

14 sep 2016 - 11:21
  • Juf Annie Zwarts-Postma fan CBS Immanuel yn Noardburgum

Juf Annie Zwarts fan kristlike basisskoalle Immanuel út Noardburgum is nominearre foar 'leafste juf fan it jier'. Mem Anneke Terluin hat mei har jonkje Willem de juf opjûn foar de ferkiezing. In lanlike sjuery keas trije kandidaten út. Mei noch in juf en in master striidt juf Annie om de titel.

De juf wie ferrast doe't se hearde fan de nominaasje. "Ik wist net iens dat soks bestie." De kommende twa wiken kin op de kandidaten stimd wurde. Op 5 oktober, de Dag van de Leraar, wurdt de winner bekend makke.

Neffens de mem dy't de juf opjûn hat, is it oan juf Annie te tankjen dat har soan, dy't earst in hekel oan skoalle hie, no mei plezier nei skoalle giet. "Hy is fan in ferlegen bern yn in spontane jonge feroare. Mar dat ha we fansels mei it hiele team dien", fertelt juf Annie. Se neamt harsels in leuke juf foar de bern, "mar ik ha wol regels hear. Struktuer is goed foar bern."

Stimme kin fia dizze link oant en mei 28 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)