Grouster oppakt foar stellerij fan bûtenboardmotor

14 sep 2016 - 10:50

De plysje hat in 28-jierrige Grouster oanhâlden foar stellerij fan in bûtenboardmotor, tiisdei yn Reduzum. Tsjûgen hiene it kenteken fan de auto fan de dief trochjûn oan de plysje. Dy kaam derefter dat de soan fan de eigener de auto brûkt hie.

De 28-jierrige soan is oanhâlden, mar de stellen bûtenboardmotor is noch net werom fûn. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)