Kollum: "Politike ûnmacht"

14 sep 2016 - 08:45
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Lanlike polityk wurdt hieltyd aardiger. Politisy ha it oer saken dy’t se net begripe, en dan sizze se: pleurt op. Of as se in pear omhingers by ús Geke Faber net oankinne, dan ha se it oer 'tuig van de richel'. Dêr kin je as sjoernalist wat mei. En as Hillary Clinton ferkâlden is dan falt de hiele wrâld der oerhinne. Hearlik. Dan ha wy hjir yn de gemeentlike polityk mar te krijen mei suertsjes. Wol lekkere suertsjes hear. Efkes op sobje, en dan is der samar wer in oare kleur. En moai is ek wol om te sjen dat as je lanlike taktiken brûke yn de lokale polityk, dat dan blykt dat no ek in gemeente hielendal noait mear wat kinne sil.

Nim De Fryske Marren. De Jouwer. De bestjoerders en amtners fan dizze gemeente bin steatlike lju. Se sitte yn staten. De upper ten yn Herema State, de wurkers yn Woudstate. De staten bin likernôch in lytse kilometer fan elkoar ferwidere. Mar neffens de upper ten is dat wol tsientallen kilometers te fier. Se moatte allegear byinoar yn ien state. Dy fan Herema. Dy’t dan wol efkes foar 11 miljoen ferkloft wurde moat. Eartiids waard der efkes hammere by sa’n soarte beslút, mar tsjintwurdich giet dat oars. De partijkes ha allegear in mûle en in appke. Dan is de tendins, ek al soe it better wêze dy amtners byinoar te setten, dat soks net trochgiet. Om't de kiezers dat ek net wolle. Teminsten net salang as it gers tusken de tegels noch omheech kommen bliuwt.

En is it echt wol better dat alle amtners byinoar sitte, ek al sitte se dan ûnder direkt bewâld fan sjefs en wethâlders? Yn dizze tiid fan sms en appkes? Hielendal net fansels. As je soks mar effektyf brûke. Fansels moat der foar elk oerlis no in kilometerke fytst wurde, mar dat is dochs net slim. En as it al slim wêze soe, om't it aanst ek wer in kear reint, dan lulle jim teminsten inkeld noch mei elkoar as it echt nedich is. Dit foarstel hat trouwens yn in oare foarm al earder op tafel lein, en doe en ek no ha de politike partijen alle romte krigen om de lju yn de gemeente der tsjinyn op te naaien. Op 'e Lemmer fine se elke sint dy’t yn en om De Jouwer útjûn wurdt tefolle. En yn Balk ha se de lege units fan it azc al oan de gemeente oanbean. Kin je dêr moai amtners ynsette, mocht dy Woudstate te djoer wêze.

It Fryske plattelân wurdt op 't heden ûntkrompen, mei dat we sizze: we kin ek wol thús wurkje of in lyts kantoarke yn in pleats smite. Wêrom seit dan in oare oerheid dat je alle amtners byelkoar sette moatte, ek al kostet dat safolle jild. Professor Ter Veld, efkes minister west, sei altyd: ach, stikem wat kopyen meitsje, paperclips mei nei hûs nimme, desneeds in laptopke ûnder it himd meinimme, dat is allegear net sa kostber as deis twa kear tsien minuten lulle by de kofje-automaat. Hâld alle amtners sa fier mooglik byelkoar wei. Dat fynt elk no. Spitich Veenstra, mar jim kin nea wer tsjin de stream yn roeie.

Hoewol. Opsterlân. No’t se yn Grins neat mear boarje meie nei gas, komme se hieltyd faker nei Fryslân. No Nij Beets. Yn De Ripen, ûnder de Domela Nieuwenhuiswei, dêr’t it Damshûs, it turfgraversmuseum, stiet. Om de âlde ellinde sjen te litten. Turf wurdt gas. Flak by it Ald Djip soe it proefboarjen barre moatte. Boargemaster en wethâlders diene it earst hiel moai. De gemeenteried haffelje litte, sûnder foarstel. Mar de hiele ried, útsein dat hjir de VVD ynienen hiel stil wie, sei pleurt op mei dat gas. Wethâlder Piet van Dijk kaam noch mei: no ja, it is net yn ús hannen, de regearing beslist. Ja mar Piet, dat mei sa wêze, mar de minsken yn Opsterlân wolle dat jim nee sizze. En úteinlik diene se dat ek. Wol wat flau, want it gie ynienen oer natuer en sa, sa bysûnder bin De Ripen no ek wer net. Mar goed. No faze twa jonges. Gryp Kamp by de bealch en fjochtsje jim dea. Dan wurdt ûnmacht miskien in bytsje macht."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)