Bruinsma pakt tredde medalje: Sulver op 100 meter skoalslach

14 sep 2016 - 06:22

Swimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat tiisdeitenacht sulver wûn op de 100 meter skoalslach op de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Bruinsma swom in tiid fan 1.25.81 en einige dêrmei hast trije tellen efter de Sinese Xiaotong Zhang dy't it goud pakte mei in nij wrâldrekôr. Maja Reichard út Sweden helle it brûns.

Foar Bruinsma is it de tredde medalje yn Rio. Earder wûn se al goud op de 400 meter frije slach en brûns op de 50 meter frije slach.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)