Fluch, flugger, fluchst ynternet op De Gordyk

13 sep 2016 - 22:48

Op twa plakken op De Gordyk is aanst is fluchste ynternet fan de gemeente Opsterlân te krijen. Mei tank oan dyselde gemeente. De ûndernimmers fan bedriuweterrein Overtoom en wen-wurk lokaasje Tolbaas ha in plan om in glêsfezelnetwurk oan te lizzen. Trochdat de gemeente no meidocht, wurdt it oantrekliker foar mear ûndernimmers om hjir oan mei te dwaan.

Ungefear tsien noch net beboude kavels fan de gemeente wurde foar sa'n 60.000 euro oansluten op it flugge ynternet. Dêrtroch sakket de priis foar oare ûndernimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)