Kantoarpersoniel De Jong aktyf op de iisbakfyts

It hat noch nea sa drok west yn septimber by iisferkeaper Romke de Jong op De Gordyk. It iisbedriuw stiet mei iisbakfytsen by eveneminten troch it hiele lân, mar kin de fraach op dit stuit mar kwalik oan. It moaie waar hâldt langer oan as oare jierren en de fakânsjekrachten binne net mear beskikber. En dus rydt op dit stuit sels it kantoarpersoniel op de bakfytsen.
It iisbedriuw hat los fan it moaie waar ek grutte plannen foar de takomst. Fan takom jier ôf wolle se mear ynsette op nije merken yn Dútslân en België.
It bedriuwspân op De Gordyk sil útwreide wurde om dy groei opfange te kinnen. Ek sil de keuken ferboud wurde om sa twa kear safolle iis meitsje te kinnen.