Fitland nimt Training en Wellness Center Ljouwert oer

Achmea Health Centre
Training en Wellness Center Ljouwert wurdt fan 1 oktober ôf oernaam troch Fitland. Fitland is in keten fan sportsintra, wellnessresorts, hotels, restaurants en sûnenskonsepten.
It oanbod oan groepslessen en fasiliteiten fan it Trainings en Wellness Center bliuwt gewoan bestean yn it nije konsept fan Fitland. It skaaimerk fan de sportsintra Fitland is Real Fitness, wêrby't bewegingen út it deistich libben brûkt wurde by de training, sa as tille, drave, triuwe en springe.
Yn novimber 2009 waard it sportsintrum iepene, mar yn juny 2014 gie it sportsintrum fan Achmea nei alwer ticht, fanwege grutte konkurrinsje mei de goedkeapere sportskoallen.