Harry van der Molen wol gjin steatssekretaris wurde

Harry van der Molen, nûmmer acht op de kandidatelist fan it CDA, neamt syn plak op de list "in dream dy't útkomt". De Ljouwerter ferlit dan wol nei twa jier wethâlder west te hawwen syn gemeente, mar neamt soks gjin kiezersbedroch. Hy rjochtet him op it keamerlidmaatskip en hat perfoarst gjin ambysje om steatssekretaris te wurden.
Hy wol him hielendal ynsette as folksfertsjintwurdiger yn de Twadde Keamer, sa sei hy yn it Polytburo, it nije politike programma fan Omrop Fryslân.