Waadseedyk by Swarte Haan, Holwert en Wierum wer feilich

De seedyk moat wer 50 jier de see keare © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De Waadseedyk by Swarte Haan, Holwert en Wierum is wer feilich. Dat meldt Wetterskip Fryslân. Oer in trajekt fan 13 kilometer hat boubedriuw Heijmans de ôfrûne moannen de dyk ferbetere mei in laach Elastocoast. Dit materiaal moat de dyk de kommende 50 jier duorsum beskermje tsjin slitaazje en heech wetter. It wurk oan de seedyk wie nedich om't de dyk net mear foldie oan de wetlike feilichheidseasken fan it heechwetterbeskermingsprogramma.