Superwespenêst ferneatige yn Blauwe Bosk by Haulerwyk

13 sep 2016 - 20:22
  • In hoarnbij

In nêst mei hoarnbijen is tiisdeitemiddei fuorthelle by in boartersplak yn it Blauwe Bosk by Haulerwyk. Der kamen by de plysje en Steatsboskbehear klachten binnen fan minksen dy't stutsen wiene troch de superwespen (hoornaars). Der waard fuortendaliks socht nei it nêst en de wespen binne ferneatige troch in spesjalisearre bedriuw. Under de minsken dy't stutsen binne, wiene gjin bern.

Roel Vriesema fan Steatsboskbehear tinkt dat der noch wol mear nêsten mei hoornaars yn de bosken by De Haule en Haulerwyk sitte.

It is neffens Vriesema net de bedoeling om dêr ek yn te gripen. "Hoarnbijen hearre by de natuer, dy komme in dizze gebieten foar. Allinnich as je in ekstreme situaasje ha, sa as by it boartersplak of tichteby in fytspaad, dan nimme we maatregelen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)