Rixt van der Horst en dressuerteam stean 3e nei earste dei

13 sep 2016 - 17:44

Amazône Rixt van der Horst út Grou stiet mei it Nederlânske team nei de earste dei tredde yn de lannewedstriid dressuer. Van der Horst behelle mei har hynder Caraat in skoare fan 71.353 en dat wie de fjirde skoare. Tongersdei rydt se de yndividuele finale fan de dressuer. De skoare yn dy finale telt ek mei foar de lannewedstriid.

Yn it lanneklassemint nei de teamtests liedt Grut Brittanië foar Dútslân en Nederlân. Mar de kompetysje is krekt healweis. It resultaat fan de yndividuele proeven fan de kommende twa dagen wurdt by de skoares opteld. De trije heechste skoares per lân nei twa proeven wurde opteld en bepale de medaljeferdieling. Dat wurdt tongersdeitejûn bekend. Regearjend wrâldkampioene Rixt van der Horst riidt har earste ynternasjonale kampioenskip mei Caraat. De 9-jarige merry blonk út yn de stap en stiet mei Rixt op it fjirde plak.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)