MCL bliid mei donorbeslút fan Twadde Keamer

13 sep 2016 - 17:33

Donorkoördinator Rik Gerritsen fan it MCL yn Ljouwert is ferromme dat de Keamer tiisdei ynstimd hat mei in nij donorplan. It plan hâldt yn dat minsken kieze moatte oft se wol of gjin donor wurde wolle. As se gjin kar meitsje, wurde se automatysk registrearre as donor. De stimming wie tige spannend mei 75 stimmen foar en 74 stimmen tsjin.

Gerritsen tinkt dat der troch it nije plan in soad mear donoaren by komme, wêrtroch libbens rêden wurde kinne. Ek soe it plan dúdlikens en rêst jaan by neibesteanden.

Gerritsen hie net ferwachte dat it plan in mearderheid yn de Keamer krije soe. "Dat het nieuwe plan erdoor is, is een goede zaak. Dit had jaren eerder doorgevoerd moeten worden. Het is een prettige ontwikkeling voor families. Nabestaanden krijgen hierdoor meer duidelijkheid en rust", tinkt Gerritsen. Dochs is er ek kritysk. "Het nieuwe plan lost het tekort aan donoren niet op. Ook zorgt het plan voor een enorme administratieve rompslomp."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)