Teloarsteld Vermilion wol mei alle partijen prate

13 sep 2016 - 16:20

Gaswinningsbedriuw Vermilion fynt it spitich dat it kolleezje fan Opsterlân besletten hat gjin fergunning te jaan foar proefboarrings by Nij Beets. Dat seit wurdfierder Fokke Jansma fan Vermilion. Hy hie hope op in posityf beslút. Dochs is alles noch net van de baan. "Dit beslút is noch net definityf. Wy hawwe in fergunning fan minister Kamp foar dit gebiet", seit Jansma.

It bedriuw sil har no beriede op it beslút fan it kolleezje fan Opsterlân en wol ynkoarten mei alle partijen opnij om tafel foar oerlis.

It kolleezje fan b. en w. fan Opsterlân jout oan dat der gjin draachflak by de yn- en omwenners fan Nij Beets is foar proefboarrings nei gas. Ek is der gjin garânsje dat de kultuerhistoaryske en natuerlike wearden net oantaast wurde sille by de boarrings. Vermilion wol graach opnij mei de gemeente en de ynwenners yn petear om draachflak te kreëarjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)