Steatefraksje GrienLinks wol REC slute

13 sep 2016 - 15:41
  • By it opstarten fan de ôffaloven kaam in stofwolk frij
  • GrienLinks-steatelid Retze van der Honing

De GrienLinks steatefraksje wol dat de ôffaloven yn Harns sletten wurdt, nei oanlieding fan de steuring fan ôfrûne wykein. Oarsaak fan de steuring wie in stikkene ID-fan. Troch de steuring is koarte tiid ûnfiltere útstjit de loft yngien.

Fraksjefoarsitter Retze van der Honing hat it idee dat de situaasje by de ôffaloven net ûnder kontrôle is en wol dat de deputearre no echt maatregels nimt. "Ik haw it idee dat de boeten ûnder betingst dy't de lêste moannen oplein binne foar oare ynsidinten net folle úthelje. Ik leau der net mear yn."

Eardere ynsidinten

Yn oktober 2015 wie der in grutte steuring by de REC wêrby't der mear dioksine frijkaam as tastien wie. Sûnt in skofke binne de REC, provinsje, gemeente Harns en oare belutsenen dwaande mei it feiliger meitsjen fan de ôffaloven. Yn 'e maitiid binne de earste ferbetteringen trochfierd. By dit ûnderhâld en trochfieren fan ferbetteringen kaam der in stofwolk frij. Ek hjir kaam mear dioksine frij as tastien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)