''t Behouden Huys' op Skylge ticht foar ferbouwing

13 sep 2016 - 15:26

Museum 't Behouden Huys op Skylge giet in skoft ticht. Yn dy tiid wurdt it museum opknapt en bij de tiid brocht. Der komt ûnder oare in stik by, der komt in nije yngong en der wurdt asbest fuorthelle. De gemeente wol dat de ferbouwing sa min mooglik tiid kostet en dan is it it maklikste om 't Behouden Huys tydlik ticht te dwaan. Dt skeelt 80.000 euro yn de kosten.

Op 1 oktober slute de doarren. De weriepening is op 1 july 2017.

Museum 't Behouden Huys is op Skylge it plak dêr't besikers alles oer it eilân en de bewenners fan eartiids fine kinne. Der is in hiel soad ynformaasje oer it ferline fan Skylge. Byld- en lûdmateriaal, stylkeamers, in omfangrike bibleteek en bysûndere eksposysjes, lykast no 'De grote brand van 1666'. Nei de ferbouwingis der mear romte om de hiele kolleksje sjen te litten. Foar de besikers komt der in nije kofjehoeke en in garderobe mei klúskes. En ek wurdt it dokumintasjesintrum oanpakt om besikers better fan tsjinst te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)