Gjin fergunning foar proefboarring by Nij Beets

13 sep 2016 - 15:00
  • It plak by Nij Beets dêr't Vermilion in proefboarring dwaan wol

Gas- en oaljebedriuw Vermilion mei net in proefboarring nei gas dwaan by Nij Beets. Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân jouwe der gjin fergunning foar. Neffens it kolleezje mei it net neffens it bestimmingsplan.

Offisjeel meie boargemaster en wethâlders dêr fan ôfwike, as de lânskiplike, kultuerhistoaryske en natuerlike wearden net oantaast wurde. Mar dêr is gjin garânsje foar sizze b. en w. Boppedat is der gjin draachflak foar de proefboarring en dat fynt it kolleezje ek in belangryk argumint om gjin fergunning te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)