Ljouwerter Dikken makket pylgertocht troch Japan

13 sep 2016 - 14:36

"Dit is zo'n andere wereld. Het is hier zo mooi, dit had ik me niet voor kunnen stellen." Dat seit Dick Dikken (61) út Ljouwert. Hy is dwaande mei in pylgertocht yn Japan: de Skikoku 88 is in tocht fan 1200 kilometer lâns 88 timpels. It is de bedoeling dat minsken de tocht yn 44 dagen folbringe.

Dikken hat no timpel 1 oant en mei 11 en 46 oant en mei 88 rûn. Hy hat it middelste stik earst efkes oerslein: "Het was toen zo warm, dat ik na tempel 11 even op moest houden. Ik heb een uitstapje gemaakt naar Hiroshima."

De reis giet fierder

Dikken sil noch wol nei de net besochte timpels ta. Wa't de moaiste is dy't er oant no ta sjoen ha't, kin er net sizze. "Alles is zo indrukwekkend. Zo was er bijvoorbeeld een houten tempel, die half in het water lag. Bij laag water kon je er bij komen. It wie de wrâldferneamde Shrine by Miagiama. Het was daar net zo druk als op Ameland, zo graag bezoeken mensen de tempels."

Wêrom dogge je soks?

Dikken kin koart wêze oer syn redenen foar it rinnen fan de tocht: "Omdat ik leuk vind. Dat klopt grammaticaal niet helemaal, maar dat zei mijn kleinzoon altijd als hij uitlegde waarom hij iets zei. Het is ook de titel geworden van mijn boek over mijn eerdere pelgrimstocht naar Santiago de Compostella. Ik wil gewoon de cultuur opsnuiven en meemaken hoe het hier is." Dikken sliept oeral en nearne: yn in hotel, yn in timpel of sels yn bushokjes. Hy sil 10 oktober wer weromkomme nei Fryslân. Oant dan is er te folgjen op dickydik.waarbenjij.nu

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)