Selstraf easke tsjin Snitser dy't 14-jierrige beswangere hie

13 sep 2016 - 14:12

Tsjin in 36-jierrige Snitser is tiisdei 1,5 jier selstraf, wêrfan en healjier ûnder betingst, easke foar it seksueel misbrûken fan in doedestiids 14-jierrich famke út Ljouwert. It slachtoffer rekke swanger fan de fertochte, mar ûndergie in abortus. De fertochte soe it famke yn 2012 misbrûkt hawwe, mar it slachtoffer lei pas yn 2014 in ferklearring ôf.

De Snitser ûntkende, mar út ûndersyk troch it NFI die bliken dat de man har swanger makke hie. Neffens de offisier fan justysje moat de Snitser it famke ek 7500 euro oan skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
justysje rjochtspraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)