Sûne spanning foar nij polityk programma It Polytburo

13 sep 2016 - 13:51

It Polytburo, it nije politike telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân hat hjoed syn earste útstjoering. Al de folsleine dei wurdt der hurd wurke om it programma ta te rieden. Wy lutsen presintator Eric Ennema tusken de bedriuwen troch efkes oan syn jaske om te hearren wat It Polytburo no krekt ynhâlde sil.

Fan 'e jûn de earste ôflevering fan It Polytburo, watfoar programma is dat krekt?
''It Polytburo is in wykliks polityk programma, wêryn’t alle tiisdeis in Fryske politikus troch Andries Bakker en my oan de tosk field wurdt.''

Wêr komt dy namme eins wei, It Polytburo?
''De namme is foaral assosjatyf, polyt/polityk, mar de sfear fan in ynterview is ek wat fan in ferhoar. Yn in spartaanske setting: stevich mar fair!''

Do presintearrest it tegearre mei kollega Andries Bakker, hoe komt dat daliks? Hawwe jimme in rolferdieling? Bytsje good-cop/bad-cop?
''Andries en ik ha al folle faker ferkiezingsprogramma’s en debatten presintearre. We binne beide sawol 'good as bad cop.'''

Hokker gasten steane noch op de winskelist?
''Yn de earste ôflevering is de Ljouwerter wethâlder Harry van der Molen te gast. Hy ferruilet de gemeentepolityk foar de lanlike en stiet no op nûmer acht op de kandidatelist fan it CDA. Fierder hinget it alle kearen ôf fan de aktualiteit.''

Wat is it ultime doel fan It Polytburo?
''Politisy moatte ferantwurding ôflizze, en as dat soms liede sil ta politike problemen, dan is dat mar sa.''

Polityk wurdt faak sjoen as saai. Mar hoe soargje jim derfoar dat It Polytburo net saai wurdt?
''We jouwe de gasten net safolle romte, se moatte ta de saak komme. En as it goed is komme se nearne mei wei!''

Do bist fansels al jierren bekend as presintator, mar sa’n nij programma... Binne der dan dochs net in pear senuwen?
''
Der sil seker in sûne spanning wêze, dat is ek goed foar de adrenaline want it hâldt je skerp!''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)