Trio oppakt foar brânstichting yn Winaam

© Nick den Boer
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei yn Winaam trije manlju út de gemeente Frjentsjerteradiel oanhâlden foar brânstichting. It trio fan 18, 19 en 21 jier wurdt derfan fertocht dat se in auto op de Readyk yn brân stutsen ha.
In omwenner waard wekker fan hurde knallen en warskôge de brânwacht. Dy hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Neffens de plysje wie it hâlden en dragen fan de trije manlju fertocht en dêrom binne se oanhâlden. Se sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.