Troperoaster yn Fryslân: "Dit mei wol faker!"

Hjit, hjiter, hjitst, hjoed. En dus hawwe in soad skoallen dizze dagen in troperoaster ynsteld. Dus betiid nei skoalle en ek wer betiid frij. Ien fan dy skoallen mei in troperoaster is de Simon Vestdijk yn Frjentsjer en Harns. Alle skoalgebouwen dêr hawwe in plat dak wêrtroch't de temperatuer binnen heech oprinne kin. Op moandei krekt foar 12 oere waard yn in lokaal al in temperatuer fan 30 graden metten. "Dat is te warm, als je weet dat de temperatuur 's middags nog wel verder oploopt." sa seit rektor Marja de Jonge fan de skoalle.
Tsien Skoallen
It giet yn totaal yn Fryslân om sawat tsien skoallen, wêrûnder it Stellingwerf College yn Easterwâlde, Piter Jelles Impulse yn Ljouwert, skoallemienskip Bogerman yn Snits en Wommels, RSG Snits, it Bornego College op De Jouwer en It Hearrenfean en it Marne College yn Boalsert.
It is yn Harns en Frjentsjer noch mar de fraach oft de kommende dagen ek noch lessen fan 30 minuten yn stee fan 50 minuten wurke wurdt: "We beslissen per dag wat we doen, dus het kan best zo zijn dat we morgen net zo'n tropenrooster doen als vandaag."
"Lekker swimme fan 'e middei!"
De bern binne tige te sprekken oer de koartere lesoeren, en de koartere skoaldei: "Ik fyn it lekker, hoech minder te learen. Al is it wol bale dat we mear húswurk krije." Seit ien fan de learlingen. Hy wit al wat er fan 'e middei dwaan sil as er út is: "Lekker swimme fan 'e middei!"
Ek syn klassegenoaten fine it nije roaster noflik. Sa noflik sels dat der al lûden opgeane om it hjir net by te litten: "We zouden het vaker moeten doen, 30 minuten (per les) is wel fijn."
Utsûndering
Troperoasters binne net nij yn it ûnderwiis of yn it wurkfjild yn Fryslân. Mar om noch in troperoaster ynfiere te moatten yn septimber wie wol wat nuver, sa fûn ek rektor De Jonge: "We hebben het wel vaker gedaan, maar september is wel echt een nieuw fenomeen."