Al 10.000 minsken oerset mei it sinnepontsje fan Terherne

13 sep 2016 - 12:02

It sinnepontsje tusken Terherne en Tersoalstersyl ferwachtet hjoed syn 10.000-ste passazjier. Dat binne der folle mear as de 3000 dêr't yn it foar op rekkene wie. It pontsje is sûnt 17 july yn de feart.

De pont is in inisjatyf fan pleatslik belang. In groep fan sa'n 50 frijwilligers is yn it spier om it pontsje hin en wer te farren.

Trefwurden: 
sinnepont Terherne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)