Langere treinen trajekt Ljouwert-Grins

13 sep 2016 - 11:43
  • It sintraal stasjon fan Ljouwert

Ferfierder Arriva set fan dizze wike ôf langere treinen yn om de drokte op it trajekt tusken Ljouwert en Grins nei de simmerfakânsje op te fangen. Ek binne der stewards op de perrons om minsken by te stean.

De treinen sitte nei de fakânsje ekstra fol mei studinten dy't nei de universiteiten en hegeskoallen yn Grins en Ljouwert reizgje en mei minsken dy't wer oan it wurk geane. Neffens Ingrid Heijman fan Arriva is de ekstra ynset nedich om de drokte yn goede banen te lieden.

Nei de hjerstfakânsje normalisearret de situaasje meastentiids sa docht bliken út it ferline, seit se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)