Foar- en tsjinstanners fan harten yn Drents-Friese Wold

13 sep 2016 - 11:03

In romme mearderheid fan de omwenners fan it Drents-Friese Wold sjocht de komst fan grutte harten lykas it damhart en reahart wol sitten. Al yn 2013 is sein dat de yntroduksje fan it damhart en it reahart in goed idee wêze soe. Der is no in grut ûndersyk geande om te sjen as dat ek in goed idee is. Underdiel dêrfan is ek in enkête ûnder omwenners. Foarstanners fine de harten moai en in ferriking fan it gebiet. Tsjinstanners meitse harren foaral soargen oer de ferkearsfeilichheid, lânbouskea, en oer it tal bisten dat der komme kin.

Der wurdt no mei boeren praat oer de risiko's foar de lânbou. Foar in soad gewaaksen wurdt ek in ynskatting makke wat de skea wêze kin. Ein dit jier moat der in folslein byld wêze en kin der in beslút naam wurde troch de provinsjes Drinte en Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)