Man oanhâlden foar wenningoerfal op 'e Lemmer

13 sep 2016 - 10:26

De plysje hat in 22-jierrige man út Emmeloard oanhâlden foar in wenningoerfal op 'e Lemmer, yn april ferline jier. Op 15 april waard de bewenner fan in hûs oan de Intang troch twa manlju oerfallen. De man die jûns let de doar iepen en waard fuortendaliks nei binnen ta treaun en mishannele. Ien fan de oerfallers rekke ferwûne. De plysje slút meardere oanhâldingen net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)