Amazône Rixt van der Horst: Ready to go!

Rixt van der Horst
Amazône Rixt van der Horst út Grou komt tiisdeitemiddei om trije oere foar it earst yn aksje op de Paralympyske Spelen. De twafâldich wrâldkampioene, en twafâldich Europeesk kampioene mocht ferline wike al eefkes oefenje yn de Olympyske dressuerring: "De accommodatie is heel erg mooi," sa seit Van der Horst op har blog, "Je kijkt je ogen uit."
Caraat
Van der Horst rydt op de Paralympyske Spelen net op har fertroude hynder Uniek N.O.P. mar op Caraat. Dit hynder skoarde yn oanrin nei de Paralympyske Spelen better as Uniek. Dêrnjonken hat Caraat yn de tarieding alris in wedstriid dien yn Katar. Dit soe helpe kinne mei it klimaat yn Brazilië. Caraat is neffens Van der Horst goed oankaam yn yn it Súd-Amerikaanske lân, en liket har goed te hâlden yn de grutte stadions dêr: "Caraat heeft het goed naar haar zin, ze was wel wat moe na de reis dus de eerste dagen heeft ze rust gehad. (...) Ze was gelukkig niet heel erg onder de indruk (van het stadion) en bleef heel rustig en relaxed."
Ready to go!
Op twitter lit de Friezinne witte dat se der folslein klear foar is:
De paralympyske hynstesport is goed te fergelykjen mei de dressuer dy't by de Olympyske Spelen ferriden wurdt. In wedstriid bestiet in tal ferplichte oefeningen, en in frijere opdracht om te riden op muzyk.
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps