Earste selsridend buske de dyk op yn Appelskea

13 sep 2016 - 08:06
  • De proef mei de selsridende buskes waard moandei ôfsluten

It earste selsridende buske yn Nederlân is in feit. Tiisdeitemiddei sil er yn Appelskea foar it earst de iepenbiere dyk op. Der waarden al earder proeven dien mei it apparaat, mar no mei er dus foar it earst de dyk op. It giet om in proef, dy't seis wiken duorret. De bus sil op in trajekt fan 2,5 kilometer tusken it besikerssintrum fan Steatsboskbehear en de Wester Es ride. Der wurdt sjoen oft de selsridende bus foar de takomst miskien in útkomst wêze kin foar it streekferfier yn krimpgebieten.

Stewards

It buske rydt op elektrisiteit en hat plak foar seis passazjiers. Ek is der in steward oanwêzich, foar it gefal der wat misgiet. De stewards wurde spesjaal oplaat troch de gemeente. It giet om minsken mei in útkearing.

Tiisdeitemiddei is it offisjele startsein fan de proef. Fan moandei ôf rydt de bus yn en om Appelskea foar passazjiers.

Minister posityf

Minister Melanie Schultz-Van Haegen fan Infrastruktuer en Miljeu lit witte posityf te wêzen oer de proef: "Voor landelijke gebieden in Groningen, Drente en Friesland kunnen zelfrijdende voertuigen bijdragen aan een grotere mobiliteit voor bewoners die bijvoorbeeld door een lichamelijke beperking aangewezen zijn op het openbaar vervoer."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)