Bruinsma swimt nei brûns op de Paralympyske Spelen

13 sep 2016 - 07:23

Swimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in brûnzen medalje wûn op de Paralympyske Spelen. Se swom op de 50 meter frije slach in tiid fan 31,23. Bruinsma rekke wol har wrâldrekôr op de ôfstân kwyt. De Sinese Guizhi Li swom yn in tiid fan 30,73 nei de finish en helle dêrmei it goud. Maja Reichard út Sweden waard twadde yn in tiid fan 30,76. Bruinsma wûn earder al it goud op de 400 meter frije slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)