Kollum: Ik leau

13 sep 2016 - 08:30

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Walking on Sunshine, dat nûmer fan Katrina & the Waves. Skreaun yn 1983 en opnij opnaam yn 1985. Yn 1984, krekt dêr tuskenyn, waard Churandy Martina berne, de hurdrinner fan Curaçao. Dat kin gjin tafal wêze. Want dêr’t Churandy komt skynt nammentlik de sinne. As in grutte giele ballon oan in ûnsichtber tou nimt er dy mei op syn reis oer de wrâld. Hy hat sels in splinter fan in sinnestriel yn de mûle, dúdlik te sjen as er laket. En dat docht er faak, laitsje. Churandy is altyd posityf en optimistysk. Winne of ferlieze of diskwalifisearre wurde fanwegen it rinnen oer in wite streek fan de baan: it makket him gjin fluit út.

‘Ik heb mijn best gedaan en heb het leuk gehad.’ Ien fan syn útspraken. ‘Ik heb lekker gelopen.’ Noch sa’n ien. En it punt is: ik leau him. Churandy praat gjin poep. Dêr’t Churandy komt heart men op slach de salsa, de bossa nova en de merengue. Kleuren wurde krekt wat feller en minsken wurde as fansels fleuriger en krije nocht om te dûnsjen. Dat effekt hat de hurdrinner út Curaçao. Hy is sa’t er is en ik leau him.

Dat haw ik bygelyks net mei Mark Rutte. As dy ‘pleur op’ seit tsjin Turkse Nederlanners dy’t sjoernalisten lestich falle en oare Turkse Nederlanners bedriigje fanwegen sympatyen dy’t har net oanstean, leau ik him net. Likemin as wannear’t er ‘tuig van de richel’ brûkt as er it oer jonge Turks-Nederlânske kroanjuwelen út Zaandam hat. Mei de ferkiezingen op kommende wei hear ik syn spindoctor: ‘Wy losse de problemen der net mei op, mar Aboutaleb skoarde as in gek mei sokke útspraken, dus dat moatsto ek dwaan.’ Marjan van Loon en Rolf de Jong, respektivelik de presidinten fan Shell Nederlân en ExxonMobile, leau ik ek net. Dy seine ‘sorry’ tsjin de Grinslanners dy’t yn de ellinde sitte fanwegen de bevingsskea. Marjan van Loon heakke dêr sels oan ta dat de feilichheid by Shell en de NAM altyd op ien stiet. Sa’n útspraak stiet yn skril kontrast mei it rapport fan de Onderzoeksraad Voor de Veiligheid, de OVV. Dat stelt dat feilichheid oant 2013 gjin inkele rol spile by de Shell, de NAM en ExxonMobile. De belutsen partijen, seit de OVV, seagen de risiko’s by it winnen fan gas as ‘verwaarloosbaar’.

Noch ien dy’t ik net leau is Kuzu fan DENK. De sprekbuis fan Erdogan syn filiaal wegere ferline wike om Netanyahu fan Israël in hân te jaan. Nei eigen sizzen om de premier dúdlik te meitsjen dat hy, Kuzu, it net iens is mei de besetting fan Palestynsk gebiet. Dat kin. Mar it is oars noch net sa lang lyn dat dyselde Kuzu sei dat der net ‘lelijk tegen bevriende staatshoofden’ dien wurde moast. Dat sloech trouwens op in gedicht dat oer syn presidint gie… Op syn revers hie Kuzu in button mei de Palestynske flagge. Hie er op it oare revers in Koerdyske button hân, hie ik him leaud. No net. No wie it in ordinêre ferkiezingsstunt mei in swym fan antysemitisme.

Nee, dan Churandy. Dy leau ik. Miskien moat dy de polityk mar yn. Of nee, earst oan de slach by it Nederlands elftal. Wedzje dat se har yn gjin tiid kwalifisearje foar it WK? Mei it moaiste samba-fuotbal fan de wrâld?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)