Red de Sionsberg teloarsteld oer ôfsizzen De Friesland

12 sep 2016 - 23:02
  • Aksjegroep Red De Sionsberg

Aksjegroep Red de Sionsberg is der min oer te sprekken dat direkteur Bert van der Hoek fan soarchfersekerder De Friesland moandei op it alderlêste momint in oerlis mei de aksjegroep ôfsei. De leden fan de groep - tsien man en frou sterk - hiene bot ferlet fan dat oerlis, benammen omdat De Friesland it kontrakt mei it Dokkumer sikehûs opsein hat mei yngong fan 2017.

De aksjegroep wie teloarsteld oer de ôfwêzichheid van Van der Hoek en fynt dat De Friesland hiel wat út te lizzen hat.

De Friesland woe moandei net oerlizze mei de aksjegroep, omdat de soarchfersekerder neffens eigen sizzen op dit stuit "midden yn ûnderhannelingen sit mei twa partijen dy't in foarstel yntsjinne hawwe." De Friesland wol fierder gjin meidielingen dwaan oer dizze ûnderhannelingen.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)