Oefening brânwacht Sint-Anne duorret langer as tocht

12 sep 2016 - 22:35

It slopen fan in âlde frachtautokabine koste de brânwacht fan Sint-Anne moandeitejûn mear tiid as tocht. De blusploech oefene yn Berltsum op twa frachtauto's mei it iepen knippen fan de kabine en it derút heljen fan in libbensecht slachtoffer. De oefening begûn even nei sân oere by sinneljocht, mar moast ôfmakke wurde mei keunstljocht.

De brânwacht hat net sa faak de kâns om te oefenjen op in âlde frachtauto en wie dêrom tige wiis mei it skeagefal fan garaazje Rinsma.

Direkteur Van Keulen fan de garaazje seit dat er it wichtich fynt dat de brânwacht wit hoe't se minsken nei in ûngelok feilich út in frachtwein helje kinne. De brânwacht hie ferline wike al in jûn teoryles oer hoe't in frachtauto yninoar sit en moandeitejûn waard dy teory yn de praktyk brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)