Sylster Sandra Nap stiet njoggende nei earste dei yn Rio

© Omrop Fryslân
Sylster Sandra Nap út Ljouwert en har stjoerman Rolf Schrama stean nei de earste dei fan it Paralympyske syltoernoai yn Rio op it teloarstellende njoggende plak yn de Skud 18-klasse. It duo einige yn sawol de earste as de twadde race as achtste. Se hawwe no sechstjin punten.
De lieders nei de earste dei binne Fitzgibbon en Tesch út Australië mei trije punten. Yn totaal wurde der alve wedstriden syld.
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.