Hjitteprotokol ôfroppen foar feetransport

12 sep 2016 - 21:35

Foar feetransport is opnij in hjitteprotokol ôfroppen. Dat lit de feriening Vee&Logistiek witte. As it waarmer is as 27 graden, jilde oare regels as gewoanlik. It protokol is ûnder oare makke foar transporteurs om problemen mei it wolwêzen fan de bisten foar te kommen by it transport by waarm waar.

Underdiel fan it hjitteprotokol is ek dat de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit om fjouwer oere moarns úteinset mei de eksportkeuringen foar bargen. Dat is twa oeren earder as gebrûklik.

Earder dizze simmer wie der ek al in hjitteprotokol fan krêft foar it feetransport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)