Jong SC Hearrenfean wint ienfâldich mei 6-0 fan Jong Roda JC

12 sep 2016 - 21:07

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn ienfâldich wûn fan Jong Roda JC. Yn de earste thúswedstriid fan it seizoen waard it 6-0 foar de Feansters. Henk Veerman hie mei fjouwer goals in belangryk oandiel yn de winst foar de thúsploech. Hearrenfean koe yn de earste helte de kânsen net goed ôfmeitsje. Se giene dan ek mei 1-0 it skoft yn.

Yn de twadde helte wiene de Feansters wol op dreef. Veerman makke de 2-0 en 3-0 en rap dêrnei waard de foarsprong fierder útboud troch doelpunten fan Johnsen en Thern. Veerman brocht de einstân fan 6-0 op it boerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)