Oftraap Fryslân Hjoed: Haadredakteur Bakker tefreden

12 sep 2016 - 20:34
  • It nije dekôr foar Fryslân Hjoed yn de studio fan Omrop Fryslân

It nije nijs- en eftergrûnprogramma Fryslân Hjoed fan de Omrop op telefyzje gie moandei los. It Fryske nijs wurdt brocht yn in miks fan flugge nijsfeiten en ferdjipping dêrfan. De premjêre wie foar it presintaasjeduo Arjen de Boer en Suzanne van Zwam.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker wie nei ôfrin tefreden: "It wie in moaie útstjoering. It kin altyd better fansels en dat komt ek wol, mar wy ha net de lúkse om sa'n nij programma earst ris trije moannen te oefenjen. We moatte no geandewei noch saken oanpasse."

Fryslân Hjoed is alle wurkdagen te sjen by Omrop Fryslân tusken 17:00 oant 17:30 oere en dêrnei alle oeren yn de werhelling. De earste útstjoering is hjir werom te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)