Tredde part fan kuierpaad Groot-Friesland iepene

12 sep 2016 - 19:46
  • Joep Naber en Bindert Kloosterman fan Wandelnet

Yn Beetstersweach is moandei it tredde part iepene fan it Groot-Frieslandpad. Dat is in kuierpaad dat begjint yn Bergen aan Zee en einiget yn it Dútske Leer, mei in ôfstân fan 362 kilometer.

De rûte is útset troch stichting Wandelnet. Dy wol de kuierder sa werom bringe nei de tiid dat de Sudersee noch net bestie en it âlde Fryslân mei Noard-Hollân ien gehiel foarme. De rûte is te kuierjen troch it folgjen fan pealtsjes mei read-wite emblemen derop.

Stichting Wandelnet hopet dat lokale ûndernimmers ek ljocht sjen yn ditsoarte fan kuierpaden. Kuierders kinne in aardige boarne fan ynkomsten wêze, bygelyks as se by de rûte oernachtsje wolle. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)