Fryslân simmeret lekker troch op it lân en op it wetter

12 sep 2016 - 18:40

It moaie waar hâldt Fryslân bot yn de besnijing. Septimber liket dé nije simmermoanne te wurden, mei tiisdei en woansdei ferwachte temperatueren boppe de tritich graden. In soad minsken kinne op 12 septimber noch wurk dwaan dat se net mear ferwachte hiene, bygelyks buorkje en gersmeane. Sa is boerinne Gerda Bonsma fan Jelsum drok oan it wurk op it lân.

"It gers moast der ôf. De man dy't it hea yn 'e pakjes set, sei dat er krekt de trekker yn 't fet hie en alles al útelkoar", fertelt Bonsma. "Hy sei dat er dit noch noait meimakke hie en neffens my docht er it al jierren en jierren. Dus dat is frij unyk."

Brêgewipper Poepjes

Ek op oar mêd is it drok troch it moaie waar. Sa hat de brêgewipper fan Burdaard in soad te dwaan. Yn totaal giene de twa brêgen yn it doarp dizze simmer mear as tsientûzen kear iepen en ticht. En dat betsjut dat ien brêgewipper, Sietse Poepjes, tûzenen kilometers hin en wer fytste en in hiel soad oan it hingeljen is mei syn klompke. Mar dat fynt er net slim.

"Mei dit waar binne de minsken oars, se hawwe allegear in glimk om 'e mûle", sa fernimt Poepjes. "En ik kin hjir moarns betiid yn 'e koarte broek hinne en jûns yn 'e koarte broek wer nei hûs. Ik wurd ek noch brún yn 'e baas syn tiid!" 

Fanwegen de waarmte moat de brêge wol wietspuite wurde mei wetter, om foar te kommen dat er fêst komt te sitten.

Trefwurden: 
simmerwaar septimber
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)