Fryske sakelju krije eigen glossy

12 sep 2016 - 17:09
  • It testteam

Der komt in glossy magazine oer Fryske sakelju. Yn dit tydskrift wurde Fryske sakemanlju en -froulju portrettearre en ynterviewd oer harren ûndernimming. It krijt de namme Fryske Sakelju.

Yn de glossy komme typysk Fryske bedriuwen oan bar. Fan selfmade ûndernimmers as de PTH Groep oant iuwenâlde famyljebedriuwen as Damstra Istallaties. Neist ynterviews mei Fryske ûndernimmers wurdt ek in tal bekende Friezen portrettearre, lykas sjonger Syb van der Ploeg, topkok Reitse Spanninga en sportmanlju Rintje Ritsma en Bart Helmholt.

Utjouwer Pieter Jan Heidstra en fotograaf Jaap de Boer binne de inisjatyfnimmers fan it tydskrift. "Dankzij de manier van interviewen in combinatie met de prachtige foto's is er voor het eerst in Fryslân een magazine uitgebracht met een echt 'oars as oars'-karakter", seit Pieter Jan Heidstra.

De glossy ferskynt ein dizze moanne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)