UPDATE: CP-fuotbalteam troch nei heale finale yn Rio

12 sep 2016 - 22:06
  • Fuotbalfjild
  • Teddy Witjes
  • Stefan Boersma

It Nederlânske Paralympyske CP-fuotbalteam, mei dêryn de Friezen Teddy Witjes en Stefan Boersma, is troch nei de heale finale. Se ferlearen moandeitemiddei mei 2-0 fan Iran en wiene dêrtroch ôfhinklik fan de wedstriid tusken Argentinië en Amearika.

Argentinië wûn dat duel moandeitejûn en dêrtroch giet Nederlân troch. Nederlân einiget as twadde yn pûl B, efter Iran. Argentinië en Amearika binne útskeakele. De heale finale wurdt woansdei spile.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)