FIDEO: Sinees Ken Ho leart yn twa moannen Frysk

12 sep 2016 - 16:27

De 23-jierrige Ken Ho út Hong Kong hat yn twa moannen tiid de Fryske taal leard. Yn juny kaam de Sinees nei Ljouwert ta om de taal te learen En dat Ken Ho gefoel hat foar taal, dat docht wol bliken. Earst learde hy yn trije moanne Nederlânsk en dêrnei noch rapper it Frysk.

Dat er sa gau de taal leard hat, komt troch syn Ljouwerter freon Dyami Millarson. De twa hawwe mekoar fûn op it ynternet en kamen derefter dat se beide de ynteresse hawwe foar taal. Dyami hat alle dagen in skema opsteld sadat Ken alle dagen 6 oant 8 oere studearje koe.

Ek hawwe se op de Folkshegeskoalle in wike lang in kursus hân fan de Afûk.

Frysk yn stee fan Latyn

Ken Ho hat yn Hong Kong in talestúdzje dien. Dêrnei woe der graach Latyn leare. Mar om't Latyn in 'deade' taal is, wie it lestiger om it te sprekken. Ken is dêrom op syk gong nei in oare minderheidstaal om te learen, dat is dus it Frysk wurden.

Hy is benaud dat ek de Fryske taal mooglik ferdwynt. "Yndie sjoch ik de kâns dat de Fryske taal útstjerre sil. Ik haw in petear hân mei in ûndersiker, ek hy seach it probleem dat de jongerein net genôch belangstelling hat foar de Fryske taal", sa seit Ho.

Hy hopet dan ek dat hy jonge Friezen stimulearje kin om Frysk te praten: "Dit is ek wêrom't ik de Fryske taal leare wol, want ik wol in foarbyld fan my meitsje."

Siswizen

Wat Ken Ho opfoel nei alle taallessen is dat de Fryske siswizen krekt sa binne as yn it Sineesk. Hy tinkt dat dat komt troch de hannel dy't der altyd west hat tusken Sina en Nederlân.

Ken Ho is noch net klear. Hy wol ek noch Hylpers, Skiermûntseachs en Aasters en Westers fan Skylge leare.

Trefwurden: 
Ken Ho Frysk Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)