Liesette Bruinsma berikt finale 50 meter frije slach yn Rio

Swimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat moandeitemiddei op de Paralympyske Spelen yn Rio de finale berikt fan de 50 meter frije slach yn de S11 klasse. Bruinsma waard twadde yn har searje yn in tiid fan 31.81. Se giet as sechde de finale yn.
De finale wurdt moandeitenacht om healwei tolven hinne (Nederlânske tiid) swommen.
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.