Hidde útskeakele: "It blêddaai en ik wienen gjin freonen"

12 sep 2016 - 15:02

It wie sneintejûn oer en út foar Hidde Jonker út Mantgum. Hy strâne yn de twadde ronde fan Heel Holland Bakt. Alles wat mis gean koe, gong ek mis. De mayonêze mislearre, de oven stie net oan en it blêddaai wie net gear.

En sa kaam der in ein oan it bakaventoer fan Hidde. "Tja, it blêddaai en ik wienen gjin freonen", konkludearret er in dei letter.

It wie in geweldich aventoer, blikt Hidde werom. "Al hie ik leaver dat it wat oars rûn wie. Mar it begûn al net goed. En dan stiet der op de lêste dei, mei de grutte opdracht, sa'n spanning op. Dat dan giet it mis en steane je dêr om te griemen."

Mayonêze

Thús hie er noch oefene op it sels meitsjen fan mayonêze. It wie de basis foar trije fan syn fjouwer resepten. "Mar ja, wat thús wol slagge, gong yn de tinte net goed."

Grutsk is er wol op syn prestaasjes, al hie er noch wat langer meidwaan wollen. "Mar as je sjogge dat der mear as 700 oanmeldings wienen, dan is it bêst knap dat je by de lêste 10 sitte."

Gjin Heel Hidde Bakt

Dat Hidde no útskeakele is yn Heel Holland Bakt, betsjut net dat er it bakken hielendal opjout. "Ik bliuw dwaande, allinnich wol efkes op in leger tempo. Ik stean no net mear oant jûns let te oefenjen yn de keuken."

Ek pakt er foarearst syn wurk by de wenningstichting wer op."It wurdt no gjin Heel Hidde Bakt. Mar sis noait noait. En ik wol echt wolris in taart meitsje op oanfraach hear."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)