"Nim mear boereferienings mei yn petearen mei de provinsje"

© Omrop Fryslân
De biologyske en grûnbûne boeren moatte folweardige partners wurde yn it petear mei de provinsje. Dat stelt de steatefraksje fan de FNP. De provinsje praat no benammen mei boereorganisaasjes LTO en NMV. It Netwerk Grondig fan de grûnbûne melkfeehâlders en de Feriening fan Biologyske Boeren Fryslân moatte tenei ek oanskowe by dizze oerlizzen. Dit past neffens de fraksje binnen de ferskowingen dy't yn de lânbou plakfine. De provinsje praat mei de organisaasjes ûnder oare oer wetterbehear, miljeu, natuer en lânskip.