Wêr kinne je dizze wike noch swimme yn de iepenloftbaden?

12 sep 2016 - 14:06

Tropyske temperatueren yn septimber. Foar in protte minsken is dat noch efkes genietsje foardat de kâlde hjerst begjint. Miskien stikem noch weromtinke oan in moaie simmerfakânsje. En wêr kinne je dat no it bêste dwaan as by in iepenloftswimbad? 

It probleem is lykwols dat in protte iepenloftswimbaden gewoanwei rûn dizze tiid al ticht binne. Mar mei temperatueren fan 30 graden op tiisdei, en 28 en 29 graden op woansdei en tongersdei, wurdt de ferlieding wol hiel grut om de doarren fan de swimbaden dochs noch efkes iepen te hâlden.

Iepen of ticht?

Benammen woansdei en freed binne drokke dagen, om't in protte skoallen dan middeis frij hawwe. Ek it kontinuroaster soarget derfoar dat in protte minsken de kommende dagen it wetter opsykje wolle.

De fraach is dan lykwols: wêr kinne je telâne? Want hokker swimbad docht yndie de doarren langer iepen, en by hokker swimbad komme je foar in tichte doar te stean?

De folsleine list

Omrop Fryslân belle mei alle iepenloftswimbaden en hat hjir de folsleine list dêr't je de kommende dagen ferkuolling sykje kinne:

  • De Delte op De Gordyk is allinnich woansdei 14 septimber noch ien dei iepen.
  • Mounewetter yn Wytmarsum is iepen oant en mei tongersdei 15 septimber.
  • De Klomp yn Wommels is iepen oant en mei freed 16 septimber.
  • De Dobbe yn Noardwâlde is iepen oant en mei freed 16 septimber.
  • De Sawn Doarpen yn Gytsjerk is iepen oant en mei freed 16 septimber.
  • It Gryn yn Stiens is iepen oant en mei freed 16 septimber.
  • Wettervlecke yn Surhústerfean is iepen oant en mei sneon 17 septimber.
  • De Sawn Stjerren yn Hallum is iepen oant en mei sneon 17 septimber.
  • De Wispel yn de Tynje is iepen oant en mei snein 18 septimber.

Kontrakten en fergunningen

In tal iepenloftswimbaden soe graach ek wat langer iepenbliuwe wolle, mar komt yn de knipe mei kontrakten en fergunningen. Bygelyks swimbad de Haulewelle yn Haulerwyk. "We soene bêst noch wat langer iepenbliuwe wolle, mar ús badjuffen en masters binne al op fakânsje", lit bestjoerslid Van Dijk witte.

Fan kommend jier ôf wol it swimbad wol in wike langer iepenbliuwe. "We sille dan yn it foar oan ús personiel melde dat we oant en mei 10 septimber iepen binne. Mocht it dêrnei noch moai swimwaar wêze, dan sille we dat besykje op te lossen troch frijwilligers yn te setten."

Natuerwetter

En steane je by jo yn de buert dochs foar in tichte doar, dan kinne je fansels altiten noch telâne op ien fan de strannen of de Fryske marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)