Stikkene kabel feroarsake steuring yn REC by Harns

12 sep 2016 - 13:16

In stikkene kabel is de oarsaak fan in grutte steuring yn de ôffaloven fan Harns sneontemoarn betiid. It gefolch wie dat der in healoere lang in grutte reekplom te sjen wie. Nei alle gedachten bin der skealike stoffen frijkaam. Dat wurdt no ûndersocht troch miljeu-ynstânsje FUMO.

Kommende woansdei wurdt dúdlik wat foar stoffen de loft yn gien binne. By Omrin wurdt hurd wurke oan technyske oplossings om dit soarte fan steurings tenei foar te kommen, seit direkteur John Vernooij.

Sa wurdt it kontrôlesysteem sa gau as mooglik dûbeld útfierd, sadat it net langer útfalle kin. Der wurdt ek sjoen nei maatregels dy't foarkomme moatte dat it doekefilter yn de piip by lege of hege temperatueren útfalt.

"Tige ferfelend"

Wethâlder Harry Boon fan de gemeente Harns fynt dat Omrin sa gau as mooglik útlizze moat wat der ôfrûne wykein misgien is by de ôffaloven yn Harns. Hy fynt it hiel ferfelend dat der wer in steuring west hat, wylst der sa'n soad dien wurdt om dat foar te kommen.

Boon is tefreden dat Omrin elkenien sa gau mooglik op de hichte brocht hat fan de steuring. Mar no moat ek gau dúdlik wurde wat de oarsaak west hat, fynt er.

Technyske oanpassings

Yn oktober ferline jier wie der in grutte steuring by de REC. Nei oanlieding dêrfan hat Omrin de ôffaloven al op in grut tal punten ferbettere. Sa is in alarm ynboud dat de útstjit fan aktive koal yn de gaten hâldt. De aktive koal is noadich om de dioksines út de reek te filterjen.

Ek de stofmjitting is útwreide, der kin no boppe it wetlik maksimum metten wurde.. It skjinmeitsjen fan de ynstallaasje moast ek better. Dêrfoar komme ekstra mangatten sadat men stof fuorthelje kin op plakken dêr't se earst net by komme koene. Dat stof wurdt dan net mear fia de piip fuortblaasd.

Dêrneist is de opstartlieding bûten gebrûk steld en dêrmei is de kâns op in ferhege stofemisje by it opstarten folle lytser wurden.

Tafersjoch

Ut alle ûndersiken docht bliken dat de REC neffens de fergunning wurket. Undersyk fan de Inspectie voor Leefomgeving en Transport lit sjen dat de REC foldocht oan de noarm en dat it tafersjoch op de REC foldwaande is.

In oerlisgroep is dwaande mei maatregels dy't foaral de rêst yn de omjouwing werombringe moat. De oerlisgroep bestiet út fertsjintwurdigers fan de gemeente Harns, FUMO, de begeliedingsgroep, Omrin en de provinsje Fryslân. De foarsitter wurdt levere troch GGD Fryslân.

Iepen dei

Yn oktober komt der wer in iepen dei by de REC, Omrin giet dan yn petear mei besikers om saken út te lizzen en ta te ljochtsjen.

Trefwurden: 
REC Harns steuring kabel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)