Stellen skilderijen werom: "Dit is echt een cadeautje"

12 sep 2016 - 12:33

Folslein oerdondere is Jaap Roëll. De skilderijen dy't de plysje yn Ljouwert weromfûn hat, waarden yn 1999 by syn mem stellen. "Vijf werken zijn in 2012 teruggevonden, maar deze twee hadden we wel afgeschreven."

Roëll is sels ek keunstresinsint en eigener fan Kunstruimte Kuub yn Utrecht. Hoewol't de plysje noch offisjeel fêststelle moat dat de twa skilderijen echt binne, giet Roëll dêr wol fanút. "De kans dat dit namaak is, is heel klein." Ek de plysje tinkt dêr sa oer. "Dat zou wel heel toevallig zijn", aldus Sylvia Sanders fan de plysje.

"Brute overval"

Oerfallers stielen yn totaal sân skilderijen yn Bilthoven yn 1999. Roëll: "Het was een vrij brute overval. Mijn moeder heeft gezien dat de schilderijen werden meegenomen, maar helaas nooit meegemaakt dat ze weer terugkwamen." Se ferstoar yn 2012, twa moannen foardat fiif fan de sân keunstwurken weromfûn waarden.

Foar Roëll makket de fynst fan dizze lêste twa wurken in soad los. "Wij zijn zo ontzettend blij. Het is heel verdrietig dat mijn moeder dit niet meer meemaakt, maar het betekent wel heel veel voor ons. Dit is echt een cadeautje voor ons."

Fjoerwapens

Ek de plysje neamt de fynst in kadootsje. Want eins wienen de plysjeminsken hielendal net op syk nei de skilderijen. Sanders: "Wij deden een huiszoeking bij de Leeuwarder omdat hij een stroomstootwapen in zijn auto had. Toen we de schilderijen aantroffen, wisten we ook niet direct wat we precies in handen hadden."

De plysje makke foto's en stjoerde dizze nei eksperts. Dy kamen al gau mei it ferrassende antwurd: de skilderijen wienen 17 jier lyn stellen by in rôfoerfal. "Dan sta je wel even te kijken", seit Sanders. "Dat maakt ons werk hartstikke leuk. Deze vondst was ook voor ons echt een cadeautje."

Oft de 37-jierrige Ljouwerter ek belutsen west hat by de oerfal yn 1999, is net dúdlik. De plysje ûndersiket noch wat syn rol krekt west hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)