It plattelân fan Fryslân wurdt leger en grizer

12 sep 2016 - 12:09

It plattelân wurdt leger, en grizer. Dat is de ferwachting fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. De Nederlânske befolkingsgroei tusken no en 2030 sil foar 75 prosint yn de grutte stêden yn Nederlân wêze, sa tinkt it CBS. Ek middelgrutte gemeenten kinne noch in stiging fan it tal ynwenners ferwachtsje. De lytsere en benammen perifeare gemeenten sille yn de kommende desennia te krijen hawwe mei krimp.

Hoewol't Fryslân faak rekkene wurdt ta plattelân, is it hjir net al te min. Sa binne der in goed tal gemeenten dêr't groei ferwachte wurdt. Sa docht bliken út de sifers fan it CBS dat Ljouwert der it measte op foarút giet, mei in befolkingsgroei fan sa'n 8,9 prosint. Ek op It Hearrenfean (5,8%), yn Smellingerlân (2,1%), Tytsjerksteradiel (2,1%), Weststellingwerf (1,5%), It Amelân (3,1%) en Kollumerlân (2,1%) wurdt groei foarsein.

Krimp

Neffens it CBS is de kommende 15 jier de grutste krimp te ferwachtsjen yn de lytsere gemeentes op it plattelân. Dochs neamt de ûndersyksynstelling Fryslân net by de provinsjes mei de grutste problemen. Drinte, Noardeast-Grinslân, de Achterhoek, Noard-Limburch en Zeeuws Vlaanderen soene der in stik minder foar stean. De foarsizzing is dat yn 2030 hast ien op de fiif Nederlânske gemeentes minder ynwenners hawwe sil as no.

Fan de gemeentes dêr't krimp in grutte rol spylje sil yn de kommende 15 jier, hat Menameradiel de minste foarútsichten neffens it CBS. De gemeente soe mar leafst 9,9% krimpe wat ynwenner oantal oanbelanget. Oare grutte krimpgemeentes binne Skiermûntseach (6,9%), Dantumadiel (5,9%), Eaststellingwerf (5,8%) en It Bilt (5,7%).

De sifers fan it CBS oer de befolkingsgroei- en krimp wurde basearre op de meast wierskynlike ûntwikkelings yn de takomst. Hjirby wurdt rekken hâlden mei resinte ûntwikkelings en gebeurtenissen op regionaal en nasjonaal nivo. Dochs hawwe de sifers noch altyd in grutte mate fan ûnwissigens. Sa binne ymmigraasje, ekonomyske ûntwikkelings en wenningbou dreech te foarsizzen.

Fergrizing

Gefolch fan de ferskillen yn befolkingsgroei is dat de fergrizing op it plattelân in stik drastysker wêze sil as yn de stêden. Nei ferwachting sille de grutte stêden yn 2030 yn trochsneed foar 17 prosint út âlderen bestean. Op it plattelân en yn de lytsere gemeentes sil dit neffens it CBS útkomme op 26 prosint. Dat betsjut dat 1 op de 4 minsken yn de lytsere gemeentes yn 2030 boppe de 65 wêze sil. De stêden bliuwe jong troch de konstante ynstream fan jongeren, dy't dêr faak wenjen bliuwe at se in partner fine en bern krije. De lytsere gemeentes hawwe krekt te krijen mei in útrin fan jongeren dy't earne oars studearje of wurkje.

De meast grize gemeente yn Fryslân yn 2030 wurdt neffens de sifers It Bilt (30,6%) mar de ynwenners fan ek Eaststellingwerf (30%), Menameradiel (30,2%) en Skiermûntseach (30,4%) sille foar in grut part boppe de 65 wêze.

Trefwurden: 
CBS befolkingsgroei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)