Drankrider út Sint-Anne pakt
In 21-jierrige drankrider út Sint-Anne is snein syn rydbewiis kwytrekke. De man waard troch de Ljouwerter plysje op de Archipelwei oan de kant set. Ut in blaasproef die bliken dat de man tefolle drank op hie. Der is proses-ferbaal tsjin de drankrider opmakke.